In jûn follend muzikaal program mei as tema: wa is Fries, wannear binne jo in Fries en wat dogge Friezen oars as oare minsken. Binne wy allinnich al Fries omdat wy hjir berne binne? Kinne net-Friezen ek Fries wurde? En hoe giet soks dan?
Fragen dêr’t it kwartet Bauke van der Woude antwurd op jout yn lieten en sprutsen tekst.
Oft it in serieus antwurd is, meie de Friezen sels beslisse... Yn elts gefal soarget de toan fan it program en it grut ferskaat oan lieten foar in sfearfol optreden. De winter komt oan bar, mar ek ús taal, it doarp, ús fee, it lânskip, en gean mar troch. Ûnderhâldend, nijsgjirrich en fleurich.
Bauke van der Woude sjongt, spilet gitaar en makke de lieten. Campbell Forbes, hikke en tein op de Bahama’s, spilet bas en sjongt ek. John Eskes komt mei akkordeon en gitaar. Hy wurke as muzikaal lieder by Paul van Vliet, Simone Kleinsma en Rients Gratama. Hans Sambrink is de man op slachwurk.
Zie ook de website.
Zie ook de website.