18.8.17

Fries

Acht jaar  geleden besteedde ik op dit blog aandacht aan mij Joodse afkomst door een aantal korte stukjes over Leydesdorf (de achternaam van mijn overgrootmoeder) te schrijven. Het is tijd een kijkje te nemen aan de Friese kant, bij Kooistra (de achternaam van mijn grootvader). Ik doe dat in de taal van die grootvader. Willem Kooistra sprak Fries. Het is verhaal van mijn speurocht naar zijn in 1906 naar de Verenigde Staten geëmigreerde jongere broer Pieter.
Us mem wie in fan fan "Spoorloos" en, lit ik 't mar fuoartendaliks sizze, ik bin dat net, ik hoech net tsjûge te wêzen fan it lok en leed fan oaren, it is my wat te foyeuristysk. Mar ús mem seach  dat hiel oars. Dat kaam omdat se plannen hie: in omke fan har wie in 1906 nei Amearika emigrearre en it soe o sa moai wêze as sy en omke Piter no eris troch "Spoorloos" byinoar brocht wurde koenen. En ik koe heech springe of  leech springe en har fertelle dat omke Piter, krekt as har heit, dea wêze moast, dan wienen der altiten noch Piteroms neikommelingen. Mar dy hie mem nea sjoen en dat wie foar "Spoorloos" wer net interessant. Uteinlik sei ik: "Ik  gean der sels wol efteroan." 
Ik  hie wol in pear oanknopingspunten, want yn 1946 hienen sawol ús pake as ús mem mei omke Piter skreaun en de briefkes út Amearika hie ik.

Hy wenne earst yn Finlayson en letter, doe 't hy syn pleats ferkocht hie, yn Rush City, beide plakjes yn Minnesota. Der siet yn it mapke "Omke Piter" ek  in foto fan 'n pleats, mei de famylje der foar: de heit mei in hynder, in jonkje, ek mei in hynder, de mem mei in lytse poppe op 'e earm en noch 'n pear bern. Mar dat wie in âlde foto, dat koe men oan de klean fan de lju op de foto wol sjen.