20.8.17

Fries 3

Ik bin in radioman yn murch en bonken en doe 't ik fan "Simmer 2000" (it weromkommen fan alle Friezen oer de hiele wrâld nei Fryslân) hearde,  betocht ik dat myn siiktocht nei omke Piter in moai programma opleverje koe foar "Ongehoord" in tiisdeis-programma fan de VPRO op Radio 5. Op  sa'n manear koe Hilversum ek oantinken jaan oan "Simmer 2000". 
Ik helle it Omke Piter-mapke wer foar it ljocht en ik prate ris mei Jacob Haagsma, in oare Fries by de VPRO dy't  knaphandich mei de komplûter is. Hy fertelde mei dat it hiele Amerikaanske tillefoanboek op it internet stiet. "Dan helje wy alle Amerikaanske Kooistra"s der ôf", brocht ik nei foaren, want ik hie it idee dat sa'n fiifentweintich wol op te skieljen wienen. Dat wie gjin briljant idee, want de Kooistra's fleagen ús om 'e earen. "Dan moat ik earst mar die út Minnesota en Iowa ha, tinkst ek net?", sei  ik tsjin Jacob. 

Alle jûnen siet ik oan 'e tillefoan en fjurre ik in rychje fragen ôf. Mar ik hie gjin sukses. Jawis, se hienen allegearre bannen mei 't heitelân, mar net mei omke Piter. Ik  wit  op it stuit net mear hoefolle Kooistra's ik oan 'e tillefoan hân haw, tweintich, tritich? Wat my lykwols byblean is, is dat gjinien net yntererssearre wie. Der wienen sels guon dy't it suver spitich fûne dat se  gjin bern of bernsbern fan Piter wienen en opmurken dat se hopen dat harren Nederlânske Kooitstra's ek siiktochten nei harren dwaan soenen. 
Doe't ik it der mei Ton van der Graaf, eindredakteur fan "Ongehoord" oer hie, wie hy daliks entûsjast. "Meastentiids wurde de meast persoanlike programma's de bêste" sei er tsjin mei. 
No de neikommelingen fan omke Piter noch.