Op in sneotemiddei siet ik werris oan de tillefoan. Kooistra's genôg. Mar undetusken begûn myn sneuperij de foarm oan te nimmen fan it sykjen nei in spjelde yn in heaberch. De ienichste dy't der oant no ta better fan wurden wie, wie PTT Telcom.
Mar, de deale, ik hie noch in kaartsje mei wat oer in genealogysk ferbân yn Minnesota. Ik hie se al ris skreaun, mar ik fûn dat ik net genôch yn hannen hie om by sa'n ynstânsje oan te kommen Doch wie ik stadichoan sa desperaat dat ik besleat mar ris te skiljen. Ik krige Kay Blaha oan 'e lijn. Se freget om in e-mailtsje as ik har myn ferhaal ferteld ha. Se moat dan al oan moandei wachtsje, want ik ha gjin kompjûter.. Moandeitemoarn giet in faks mei myn fragen oan Kay nei de VPRO, se stjûre it der nei Amerika en it wachtsjen begint.
In wike letter komt Kay fia e-mail mei grut nijs: yn 1920 hat der in folkstelling west en neffens dy "census" hienen Pieter en Anna (no Peter en Anna) seis bern: Ida, Richard, Bessie, John, Henrietta en David. Alice stiet der net by, dy moat dan fan lettter datum wêze. Ik sjoch yn Kays papieren ek dat Piter yn itselde jier syn Amerikaanske staatsboargerskip oanfreget en dat hy earst yn Grand Rapids (Michigan) en yn Bogue (Kansas), wenne hat. Ik wit no de nammen wol, mar soenen dy neven en nichten fan ús mem noch libje?