3.4.11

H.O.S. 3

"No is het ferdomme ôfrûn", sei Romkje, Hobbe syn frou, "heit mei syn âld wrakken en no sit er yn'e kroech fansels mei Oege en Jelle te swetsen hoe goed dy kringen it noch dogge. Soenen je sa'n kloat net? Kom mar hjir pop", sei se tsjin Dennis, "hast it sa kâld leave?"
Wat Romkje net wite koe, wie dat Hobbe krekt de Suzuki tsjin in Austin Allegro út ienentachtich
omruile hie, alhoewol Oege en Jelle beide fûnen dat er, mei noch tûzend euro op de Suzuki bei te lizzen, in echte domhâns wie, mar dat hie hy fuortendaalks betsjut as kleareklinkende oergeunst, want hy hie no dôchs mar moai in ien kear de âldste wein fan it "Hasker Oldtimer Selskip" en sa'n gelok liet hij himsels net sa mar ûntkrije. "Godferdomme nee, hij soe wol healwiis wêze." Doe Hobbe einlings tsjin de klok fan tolven thús kaam wienen de rapen gear. Want Romkje goaide daliks de beuk deryn: "Wêr komst do wei, ferrekkeling? Kinst wol, dyn bern kamen hielendal ferklomme om tsien oere oansjousken. Grutte soech!"
It kam der dus net mear fan om de Allegro by Romkje te yntrodusearjen.