5.4.11

H.O.S. 5

"Do tinkst doch net dat de bern en ik yn dat smoarch fehikel mei dy mei wolle. Grutte koallebokse! Wat hast foar ús Suzuki krigen?"
"Neat, want dit is in echte oldtimer, ik haw der tûsend euro op taleit."
"Do, do, do.... olfert, hoe krijst it yn 'e plasse? Ik sil dy ien ding sizze: ús Suzuki stjit jûn om seis oere op ús hiem oars komst do hjir net mear yn."
"Ik moat no nei it Fean. Nei it wurk. Ik sil mar mei de bus, want dêr sit smoarchens yn 'e karburateur en dêrom wol er net startte."
"Dêr sit in protte smoarchens yn dyn harsens, silst bedoele. Mar do hast it hooplik foar it ferstân: do kinst fuort bliuwe as ús Suzuki net werom komt!"
Wylst er yn 'e bus achtennjoggentich nei it Fean siet waard Hobbe hieltyd lilker, net op himsels, mar op Romkje, op Oege, op Jelle en op Keimpe. Op Romkje, omdat dat wiif him nea in fersetsje gunde, op Oege en Jelle omdat sy him net tsjin hâlden hieden doe er de Allegro keapje woe en op Keimpe omdat er him sûnder mis in rottiche kloatewein ferkocht hie. Hy hie er gjin nocht mear oan, de hiele aardichheid wie dêrôf. Foar him hoegde it net mear. Hij hie ek gjin wille mear oan it "Hasker Oldtimer Selskip", wat moast er as foarsitter mei maten as Oege en Jelle?