1.4.11

H.O.S.

Hobbe, jim wite wol de man fan de stjonkende bolle, wennet yn de Haske, wêr hij ek foarsitter fan it "Hasker Oldtimer Selskip" is. Net dat er sels in âld wein hat, want men kin in Suzuki út sânennjoggentich skraachoan in oldtimer neame, mar yn de Haske hat men, lykas as it sankje al seit mear ferstân fan it ophingjen fan bargen as fan auto's, om it even of it om nije weinen, oldtimers of yougtimers giet.
Ien kear yn 'e moanne komt it "Hasker Oldtimer Selskip" byinoar. Foar it geselligens. It is wol in ledegearkomste, mar feitliks mei it dy namme net drage. Hobbe en syn maten, de meibestjoersleden fan it "H.O.S.", sjogge inoar ommers eltse dei, omdat se yn it Fean yn de bou sitte, mar men hat in hobbyklupke of men hat gjin hobbyklupke. Se binne mei harren trijen: Hobbe, de foarsitter, Oege de skriuwer en Jelle de ponghâlder, mear leden, gewoane leden, sil ik mar sizze, bin der ek net, want sa as Hobbe seit, dêr hat men mar in bult lêst fan. En al hat Doekele Tiemersma al sân kear besocht mei syn A-Ford út njoggentjintritich lid fan it "Hasker Oldtimer Selskip" te wurden, hij komt net troch de ballotaazje. Doekele koe him al op it blêd fan it selskip abonnearje, mar hij stie derop dat hij earst in proefeksimplaar ynsjen woe. "Dat kin net", hat Oege doe sein, "soks wol Hobbe net ha!" En Hobbe syn wurd wie wet by it "Hasker Oldtimer Selskip". No soe Doekele dôchs net folle nocht oan it blêd han ha, want útsein it wurd fan de foarsitter stie it blêd, neamd "Ús Wein", fol mei oerdrukken fan artikels út "De Auto" út de jierren njoggentich en kaam it mar ien kear yn it jier út.