Moandeitemoarn wie Hobbe tige betiid fan bêd om nei syn nije oanwinst te sjen. Wat wie it in pracht, goed de doarren wienen wat mottich oan de ûnderkant, mar dat koe hy sels mei wat plastykpasta bêst reparearje. Earst moast hy aanst yn it skoft mei Keimpe Rienstra, mei wa hy it moaie hanneltsje dien hie, de weinen oerskriuwe litte. Mar de Allegro wie fan him, hy hie justerjûn fuortendaalk tûzend euro’s út de flappetap helle, dus Keimpe koe net werom. Sa, no earst mar ris startte. Mar wat Hobbe ek besocht, hy koe de Allegro net oan de praat krije. It wie fan dzonkedzonkedzjonk en dan wie it dien. It swit poarke him ta de hûd út. "Blinders wat sille we no ha?" tocht er en dêr wie it wiif ek al, dat koe er noch wol by, har gesanger. Ja hear, dêr begûn se al: "Wat moat dat smoarige kring by ús op it hiem? En wêr is ús Suzuki?"
No, tocht er, dan mar daalks mei de kloaten foar it spul: "De Suzuki haw ik omruile tsjin disse Austin, dy hat folle mear plak as wy mei de bern fuort wolle!"