9.7.16

HOBBE EN DE OHLTAIMUHS

 
Hobbe, jim wite wol de man fan de stjonkende bolle, wennet yn Hoarnstersweach, wêr hij ek foarsitter fan it "Hoarnstersweachster Oldtimer Selskip" is. Net dat er sels in âld wein hat, want men kin in Suzuki út sânennjoggentich skraachoan in oldtimer neame, mar yn Hoarnstersweach hat men, mear ferstân fan bargen as fan auto's, om it even of it om nije weinen, oldtimers of youngtimers giet.
Ien kear yn 'e moanne komt it “Hoarnstersweachster Oldtimer Selskip" byinoar. Foar it geselligens. It is in ledegearkomste, mar feitliks mei it dy namme net drage. Hobbe en syn maten, de meibestjoersleden fan it "H.O.S.", sjogge inoar ommers eltse dei, omdat se yn it Fean yn de bou sitte, mar men hat in hobbyklupke of men hat gjin hobbyklupke. Se binne mei harren trijen: Hobbe, de foarsitter, Oege de skriuwer en Jelle de ponghâlder, mear leden, gewoane leden, sil ik mar sizze, bin der ek net, want sa as Hobbe seit, dêr hat men mar in bult lêst fan. En al hat Doekele Tiemersma al sân kear besocht mei syn A-Ford út njoggentjintnjoggenenweintich lid fan it "Hoarnstersweachster Oldtimer Selskip" te wurden, hij komt net troch de ballotaazje. Doekele koe him al op it blêd fan it selskip abonnearje, mar hij stie derop dat hij earst in proefeksimplaar ynsjen woe. "Dat kin net", hat Oege doe sein, "soks wol Hobbe net ha!" En Hobbe syn wurd wie wet by it "Hoarnstersweachster Oldtimer Selskip". No soe Doekele dôchs net folle nocht oan it blêd han ha, want útsein it wurd fan de foarsitter stie it blêd, neamd "Ús Wein", fol mei oerdrukken fan artikels út "De Auto",
it blêd fan 'e KNAC út de jierren njoggentich en kaam it mar ien kear yn it jier út.
It H.O.S. organisearre twa kear yn it jier in rally, ien yn Maaie en ien yn Septimber. Beide kearen útset troch de foarsitter sels. Yn Maaie siet Oege, de skriuwer oan it stjoer fan syn Opel Kadett út trijentachtich en wie Jelle, de ponghâlder de kaartlêzer, yn Septimber siet Jelle oan it stjoer fan syn Mercedes 190 út fjouwerentachtich en lies Oege de kaart. Beide kearen siet Hobbe efteryn, net foar de kontrôle, om't hy dêrfoar syn fjouwer bern ynskeakele hie, sels de lytse Dennis, hy wie noch mar fiif, wie moarns ier troch Hobbe mei de Suzuki en wat krintepofkes nei syn kontrôleplak brocht.  Hobbe syn frou wie it dêrmei net iens, want it koe skriklik reine en de bern kamen oan 't fel ta trochwiet jûns wer werom. Se waarden wol te plak brocht troch Hobbe, mar net wer ophelle, nee, Hobbe hie in hyl systeem úttocht en hy hie dêr mei it útsetten fan de rally mei rekkene, dat Esther, syn âldste fan tolve, de jongere bern by lâns koe en se mei de bus ophelle koe. Esther hie de lêste kear tige it smoar yn han, want Hobbe hie net goed op de pealen fan Arriva sjoen, want op Snein rûnen de bussen mar ien kear yn de twa oeren en sadwaande kaam se mei de oare bern earst om kertier oer tsienen yn'e hûs.
"No is het ferdomme ôfrûn", sei Romkje, Hobbe syn frou, "heit mei syn âld wrakken en no sit er yn 'e kroech fansels mei Oege en Jelle te swetsen hoe goed dy kringen it noch dogge. Soenen je sa'n kloat net? Kom mar hjir pop", sei se tsjin Dennis, "hast it sa kâld leave?"
Wat Romkje net wite koe, wie dat Hobbe krekt de Suzuki tsjin in Austin Allegro út ienentachtich omruile hie, alhoewol Oege en Jelle beide fûnen dat er, mei noch tûzend euro op de Suzuki bei te lizzen, in echte domhâns wie, mar dat hie hy fuortendaalks betsjut as kleareklinkende oergeunst, want hy hie no dôchs mar moai in ien kear de âldste wein fan it "Hoarnstersweachster Oldtimer Selskip" en sa'n gelok liet hij himsels net sa mar ûntkrije. "Godferdomme nee, hij soe wol healwiis wêze." Doe Hobbe einlings tsjin de klok fan tolven thús kaam wienen de rapen gear. Want Romkje goaide fuortendaliks de beuk deryn: "Wêr komst do wei, ferrekkeling? Kinst wol, dyn bern kamen hielendal ferklomme om tsien oere oansjousken. Grutte soech!"
It kam der dus net mear fan om de Allegro by Romkje te yntrodusearjen.
Moandeitemoarn wie Hobbe tige betiid fan bêd om nei syn nije oanwinst te sjen. Wat wie it in pracht, goed de doarren wienen wat mottich oan de ûnderkant, mar dat koe hy sels mei wat plastykpasta bêst reparearje. Earst moast hy aanst yn it skoft mei Keimpe Rienstra, mei wa hy it moaie hanneltsje dien hie, de weinen oerskriuwe litte. Mar de Allegro wie fan him, hy hie justerjûn fuortendaalk tûzend euro’s út de flappetap helle, dus Keimpe koe net werom. Sa, no earst mar ris startte. Mar wat Hobbe ek besocht, hy koe de Allegro net oan de praat krije. It wie fan dzonkedzonkedzjonk en dan wie it dien. It swit poarke him ta de hûd út. "Blinders wat sille we no ha?" tocht er en dêr wie it wiif ek al, dat koe er noch wol by, har gesanger. Ja hear, dêr begûn se al: "Wat moat dat smoarige kring by ús op it hiem? En wêr is ús Suzuki?"
No, tocht er, dan mar daalks mei de kloaten foar it spul: "De Suzuki haw ik omruile tsjin disse Austin, dy hat folle mear plak as wy mei de bern fuort wolle!"
"Do tinkst doch net dat de bern en ik yn dat smoarch fehikel mei dy mei wolle. Grutte koallebokse! Wat hast foar ús Suzuki krigen?"
"Neat, want dit is in echte oldtimer, ik haw der tûsend euro op taleit."
"Do, do, do.... olfert, hoe krijst it yn 'e plasse? Ik sil dy ien ding sizze: ús Suzuki stjit jûn om seis oere op ús hiem oars komst do hjir net mear yn."
"Ik moat no nei it Fean. Nei it wurk. Ik sil mar mei de bus, want dêr sit smoarchens yn 'e karburateur en dêrom wol er net startte."
"Dêr sit in protte smoarchens yn dyn harsens, silst bedoele. Mar do hast it hooplik foar it ferstân: do kinst fuort bliuwe as ús Suzuki net werom komt!"
Wylst er yn 'e bus nei it Fean siet waard Hobbe hieltyd lilker, net op himsels, mar op Romkje, op Oege, op Jelle en op Keimpe. Op Romkje, omdat dat wiif him nea in fersetsje gunde, op Oege en Jelle omdat sy him net tsjin hâlden hieden doe er de Allegro keapje woe en op Keimpe omdat er him sûnder mis in rottiche kloatewein ferkocht hie. Hy hie er gjin nocht mear oan, de hiele aardichheid wie dêrôf. Foar him hoegde it net mear. Hij hie ek gjin wille mear oan it "Hoarnstersweachster Oldtimer Selskip", wat moast er as foarsitter mei maten as Oege en Jelle?
En sa komt it dat wy nea mear heard hawwe fan it "Hoarnstersweachster Oldtimer Selskip".