28.2.22

VADEMECUM 2

Ik heb een paar van die vademecums  en gister  vergeleek ik  een tweetal, naast die van  Het Gooi pakte ik de Friese uitgave voor Leeuwarden en omstreken ter hand  en vond de volgende opvallende overeenkomsten. 

Fademekum foar Ljouwert en omkriten

Muzyk. It Postharmoniekorps Lekkum hat de lêste jierren lêst fan in ledenomslach, sadat der op dit stuit mar fiif muzikanten aktyf binne: ien trompettist, ien trombonist en trije tenorhoarnisten. Fjouwer fan dizze muzikanten spylje ek yn it pleatslike muzykkorps "Soli Deo Gloria", neist de tenorhoarnist de hear Obe Reitsma, dy't ek lid is fan de gemeenteried fan de P.v.d.A. yn Lekkum. "Sol Deo Gloria" hat mar fyftjin leden, dat wurdt oanfolle op konserten troch fyftjin muzikanten dy't net spylje, mar krek dogge of se spylje. Sûnt it ferstjerren fan de hear Ulbe Hurdsjonger wurdt der by syn widdo net mear op it harmonium spile, ek de piano yn kafee "Machtbreuk"is net yn gebrûk. Oan de oare kant makket it trio "Faaiefjoer", dêr't bassist Harm Boalsfeint fan Lekkum foar opskuor yn Kûbaard en omkriten, de oerbleaune  muzikanten komme fan Slappeterp. De bekende jazzmuzikant Jellle Popma ferhuze nei syn skieding nei Skettens en koardirekteur Teake Hûnebaan wennet no yn Jelsum.