"It wie yn de jierren 1976, 1977. Gryt van Duinen en ik wiene dwaande
mei in searje radioprogramma’s oer it streekplan Fryslân, nei oanlieding
fan diskusjes dy’t der mei de befolking wiene oer de nota’s wurkjen,
wenjen en rekreeeren, it hat fjouwer jier duorre, machtich, hiel Fryslân
die mei. We troffen op in jûn, wêr’t steatsiktaris Schaefer spruts yn
Balk wit ik noch, dêr in mantsje dat op syn brommerke de hiele
Súdwesthoeke trochstode en stazjêre wie by de Stifting Sudergoa, ien fan
de dielnimmers oan it yn it libben hâlden fan de diskusjes. Dat jonkje
wie oer-entosjast, Sicko Heldoorn. We ha him nea wer út it each ferlern.
Want hy waard letter konsulent fan de stifting doarpshûzen, noch wer
letter fia de polityk steatelid, deputearre. Foar de PvdA. Hillich fjûr,
sa wie dat yn dy tiid. Mar ek gesellich. Hy en syn Anja kamen gauris op
ús polityke útstjoerings op freed, It Wapen fan Fryslân, ek at er der
neat te sykjen hie. En ik die ek noch faak de forums yn it polityk kafee
fan de PvdA de Bres, en der wienen se ek altyd. En je ha dat somtiden
as sjoernalist, dan wurdt immen sawat je freon. Yn de polityk moat je
dêr hiel fersichtich mei wêze, mar ik waard fan de polityk helle, tsjin
myn sin mar hawar, en Sicko waard boargemaster yn Opsterlân. Doe koe de
freonskip syn gong sa’n bytsje gean. En Sicko waard sadwaande sels
bûtengewoan amtner yn Wymbrits inkel om my en myn frou te boaskjen.
Letter gie Sicko nei Assen. Ik moat earlik wêze, ik ha wolris tsjin him
sein wat moast der, want ik hie der trije jier wurke en wie net oerémus
fan de oprjochtens fan elke Drint. Ik bedoel al dy lju op dy útjouwerij
wêr’t ik wurke seurden altyd yngreven op de direkteur, mar giene ien dei
yn it jier wol nei boppe mei de pet yn de hân want dan wie dy man
jierdei. Der bleauen dan altyd mar twa man sitten Hylke Speerstra en
ikke. Dat wie foar my Assen. Sicko sei altyd it falt wol ta, we kin hiel
wat en wie op syn bekinde wize altyd hiel entosjast oer belibbing en
meilibbing fan de lju. En Sicko wie fansels in geweldige boargemaster,
nimmen dy’t mei safolle geduld en ynteresse nei in 100 jierrige gie,
nimmen ek dy’t yn Den Haach safolle klear krije koe, hy hat dy hiele
kazerne der hâlden, dat hie in Drint net kinnen. Mar dy Drinten kin
dochs wol wat, se kin ien fernederje, fuortstjoere. Dat ha se
tongersdeitjûn mei Sicko dien. En it gemene, it lege is, se ha him ek
neat ferteld, gewoan net wer herbeneamd. It bart noait yn Nederlân, at
je in boargemaster net wer ha wolle fertel je him of har dat in jier fan
te foaren, en dan is dy altyd wol fuort op de ien of oare wize, sadat
je net bekrast wurde. En no ha se mei grutte dikke strepen in haal troch
Sicko Heldoorn set. En at it formeel kloppet, sil we nea witte werom.
En dat akseptear ik net. Sicko Heldoorn is in man fan rjochtút en at je
it net iens binne dan diskusjear je, ik ha´t faak mei him dien.
Machtich. En no kin er neat. Ik akseptear it net. Ik sykje krekt salang
dat ik it wit. Wêrom woene dy lju , tsjin de Asser befolking yn, tsjin
de Drintse mienskip yn, tsjin alle polityke gefoelenis yn, tsjin de
amtners yn, dochs Sicko Heldoorn dy’t echt net in greep yn de kas docht
of oan oare froulju ompjukt, werom woenen se dy fuort ha. Hy hinget no
oan wat de âld Fries Jacques Tichelaar docht, dy is dêr CdK, en wat dy
oan de minister ferteld, mar doe’t Tichelaar noch yn de Twadde Keamer de
PvdA line útsette, hat provisiaal entosjasteling Heldoorn him te faak
yn’e hoeke sabele, dus dat wurdt neat. Mar Tichelaar soe mei al dy oare
Friezen dy’t dêr ûntwikkelingshelp dogge útsykje kinne wat der wie. En
at we dat út fûn ha en it is inkel dat er te faak in reade sjaal om de
nekke hie, dan meitsje we foar Sicko yn syn Fryslân wol in plakje
klear. Soe Apotheker gjin sin oan Assen ha?"