22.8.17

Fries 5

Yn de oanfraach foar it Amerikaanske staatsboargerskip moat Piterom lykwols ferklearje dat hy net oan mearwiverij docht en hy moat ek Willemientsje ôfswarre.
Myn tillefoanmaraton giet ûnderwilens fierder. It is wer sneontemiddei, allinnich twa wiken letter, as ik in Kooistra skilje yn Georgia. Ik begin meastentiids mei: "Do the names Peter Kooistra and Anna Terpstra mean anything to you?" En merakels noach oan ta, dy man seit yn 't Ingelsk: "Jawis, dat  wieden myn pake en beppe". Ik flean fan opwining hast tsjin it plafond. It docht bliken dat de man in soan fan David is. Hy seit dat ik syn broer Roger, dy't folle mear fan 'e famylje ôfwit en dy yn itselde doarp wennet, mar efkes skilje moat. Roger fertelt dat twa nichten fan ús mem noch libje: Bessie en Alice. Bessie wennet yn  St. Paul, Minnesota,  Alice yn Billings, Montana. Mei allebei praat ik noch deselde jûns. Sy fine it prachtich dat ik se fûn ha. Bessie hat op 'e sânde maart har jierdei, sy wurdt 90 jier. En ik? Ik sil der hinne.