19.8.17

Fries 2

Der wie in oare foto fan in kreas frommeske mei in bleat skouder. Dy hie Piterom nei syn broer Sikke tastjoerd. Mar Sikke wie in tige religieus man en dy hie sa'n skandalich plaatsje oan pake jûn. Op de efterkant fan 'e foto stie "Baukje fan Piter". Der wie ek in foto fan in Alice, die siet op in heechstek, mei sa'n nuvere Amerikaanse oerstrûper oan. Fan har wie der ek in brief yn it Ingelsk oan harren âlden, dy't Piternei ús pake tastjoerd hie. En der wie ek noch in pasfoto fan in bernsbern: Joyce.

Ik makke in sketske: Piter Kooistra troud mei Anna Terpstra, yn alle gefallen trije bern: Baukje en Alice en de heit fan Joyce, oars koe it famke net Joyce Kooistra hite. Alice hie de briefyn 1946 yn St. Paul skreaun, mar dy wie grif troud en hie in oare namme.
 Ik soe earst marris in briefke skriuwe oan de sheriff fan Rush City, mei in ynternasjonale antwurdkûpon der by, dan moast de man wol antwurd jaan. Mar dat die er moai net. Ik wit  op it stuit net mear wêr ik de kopys fan de bledsiden fan it tillefoanboek fan St. Paul mei de Kooistra's wei helle ha, mar ik wit wol dat ik in hiele protte Kooistra's in briefke skrean ha, mei kopys fan alle foto's derby. Der kaam gjin antwurd en dat wie no krekt wyn op 'e mole fan ús mem: "Sjochst no wol, ik haw it al sein, wy moatte nei "Spoorloos" ta. Oer myn lyk! Doe't mem ferstoarn wie, kaam ik der efter dat se dochs nei "Spoorloos" skreaun hie, mar dat se dêr neat foar har dwaan koenen. Mar dat hat se my nea ferteld.