2.4.11

H.O.S. 2

It H.O.S. organisearre twa kear yn it jier in rally, ien yn Maaie en ien yn Septimber. Beide kearen útset troch de foarsitter sels. Yn Maaie siet Oege, de skriuwer oan it stjoer fan syn Opel Kadett út trijentachtich en wie Jelle, de ponghâlder de kaartlêzer, yn Septimber siet Jelle oan it stjoer fan syn Mercedes 190 út fjouwerentachtich en lies Oege de kaart. Beide kearen siet Hobbe efteryn, net foar de kontrôle, om't hy dêrfoar syn fjouwer bern ynskeakele hie, sels de lytse Dennis, hy wie noch mar fiif, wie moarns ier troch Hobbe mei de Suzuki en wat krintepofkes nei syn kontrôleplak brocht. Net dat Hobbe syn frou it dêrmei iens wie, want it koe skriklik reine en de bern kamen oan 't fel ta trochwiet jûns wer werom. Se waarden wol te plak brocht troch Hobbe, mar net wer ophelle, nee, Hobbe hie in hyl systeem úttocht en hy hie dêr mei it útsetten fan de rally mei rekkene, dat Esther, syn âldste de jongere bern by lâns koe en se mei de bus ophelle koe. Esther hie de lêste kear tige it smoar yn han, want Hobbe hie net goed op de pealen fan Arriva sjoen, want op Snein rûnen de bussen mar ien kear yn de twa oeren en sadwaande kaam se mei de oare bern earst om kertier oer tsienen yn'e hûs.