Hobbe, jim wite wol de man fan de stjonkende
bolle, wennet yn Hoarnstersweach, wêr hij ek foarsitter fan it "Hoarnstersweachster
Oldtimer Selskip" is. Net dat er sels in âld wein hat, want men kin in
Suzuki út sânennjoggentich skraachoan in oldtimer neame, mar yn Hoarnstersweach hat
men, mear ferstân fan bargen as fan auto's, om it even of it om nije weinen,
oldtimers of youngtimers giet.
Ien kear yn 'e moanne komt it “Hoarnstersweachster
Oldtimer Selskip" byinoar. Foar it geselligens. It is in ledegearkomste,
mar feitliks mei it dy namme net drage. Hobbe en syn maten, de
meibestjoersleden fan it "H.O.S.", sjogge inoar ommers eltse dei,
omdat se yn it Fean yn de bou sitte, mar men hat in hobbyklupke of men hat gjin
hobbyklupke. Se binne mei harren trijen: Hobbe, de foarsitter, Oege de skriuwer
en Jelle de ponghâlder, mear leden, gewoane leden, sil ik mar sizze, bin der ek
net, want sa as Hobbe seit, dêr hat men mar in bult lêst fan. En al hat Doekele
Tiemersma al sân kear besocht mei syn A-Ford út njoggentjintritich lid fan it
"Hoarnstersweachster Oldtimer Selskip" te wurden, hij komt net troch
de ballotaazje. Doekele koe him al op it blêd fan it selskip abonnearje, mar
hij stie derop dat hij earst in proefeksimplaar ynsjen woe. "Dat kin
net", hat Oege doe sein, "soks wol Hobbe net ha!" En Hobbe syn
wurd wie wet by it "Hoarnstersweachster Oldtimer Selskip". No soe
Doekele dôchs net folle nocht oan it blêd han ha, want útsein it wurd fan de
foarsitter stie it blêd, neamd "Ús Wein", fol mei oerdrukken fan
artikels út "De Auto" út de jierren njoggentich en kaam it mar ien
kear yn it jier út.
It
H.O.S. organisearre twa kear yn it jier in rally, ien yn Maaie en ien yn
Septimber. Beide kearen útset troch de foarsitter sels. Yn Maaie siet Oege, de
skriuwer oan it stjoer fan syn Opel Kadett út trijentachtich en wie Jelle, de
ponghâlder de kaartlêzer, yn Septimber siet Jelle oan it stjoer fan syn
Mercedes 190 út fjouwerentachtich en lies Oege de kaart. Beide kearen siet
Hobbe efteryn, net foar de kontrôle, om't hy dêrfoar syn fjouwer bern
ynskeakele hie, sels de lytse Dennis, hy wie noch mar fiif, wie moarns ier
troch Hobbe mei de Suzuki en wat krintepofkes nei syn kontrôleplak brocht. Hobbe syn frou wie it dêrmei net iens, want it koe skriklik reine en de bern
kamen oan 't fel ta trochwiet jûns wer werom. Se waarden wol te plak brocht
troch Hobbe, mar net wer ophelle, nee, Hobbe hie in hyl systeem úttocht en hy
hie dêr mei it útsetten fan de rally mei rekkene, dat Esther, syn âldste fan tolve, de
jongere bern by lâns koe en se mei de bus ophelle koe. Esther hie de lêste kear
tige it smoar yn han, want Hobbe hie net goed op de pealen fan Arriva sjoen,
want op Snein rûnen de bussen mar ien kear yn de twa oeren en sadwaande kaam se
mei de oare bern earst om kertier oer tsienen yn'e hûs.
"No is het ferdomme ôfrûn", sei
Romkje, Hobbe syn frou, "heit mei syn âld wrakken en no sit er yn'e kroech
fansels mei Oege en Jelle te swetsen hoe goed dy kringen it noch dogge. Soenen
je sa'n kloat net? Kom mar hjir pop", sei se tsjin Dennis, "hast it
sa kâld leave?"
Wat
Romkje net wite koe, wie dat Hobbe krekt de Suzuki tsjin in Austin Allegro út
ienentachtich omruile hie, alhoewol Oege en Jelle beide fûnen dat er, mei noch
tûzend euro op de Suzuki bei te lizzen, in echte domhâns wie, mar dat hie hy
fuortendaalks betsjut as kleareklinkende oergeunst, want hy hie no dôchs mar
moai in ien kear de âldste wein fan it "Hoarnstersweachster Oldtimer
Selskip" en sa'n gelok liet hij himsels net sa mar ûntkrije.
"Godferdomme nee, hij soe wol healwiis wêze." Doe Hobbe einlings
tsjin de klok fan tolven thús kaam wienen de rapen gear. Want Romkje goaide
fuortendaliks de beuk deryn: "Wêr komst do wei, ferrekkeling? Kinst wol, dyn bern
kamen hielendal ferklomme om tsien oere oansjousken. Grutte soech!"
It kam der dus net mear fan om de Allegro by
Romkje te yntrodusearjen.
Moandeitemoarn wie Hobbe tige betiid fan bêd
om nei syn nije oanwinst te sjen. Wat wie it in pracht, goed de doarren wienen
wat mottich oan de ûnderkant, mar dat koe hy sels mei wat plastykpasta bêst
reparearje. Earst moast hy aanst yn it skoft mei Keimpe Rienstra, mei wa hy it
moaie hanneltsje dien hie, de weinen oerskriuwe litte. Mar de Allegro wie fan
him, hy hie justerjûn fuortendaalk tûzend euro’s út de flappetap helle, dus
Keimpe koe net werom. Sa, no earst mar ris startte. Mar wat Hobbe ek besocht, hy
koe de Allegro net oan de praat krije. It wie fan dzonkedzonkedzjonk en dan wie
it dien. It swit poarke him ta de hûd út. "Blinders wat sille we no
ha?" tocht er en dêr wie it wiif ek al, dat koe er noch wol by, har
gesanger. Ja hear, dêr begûn se al: "Wat moat dat smoarige kring by ús op
it hiem? En wêr is ús Suzuki?"
No, tocht er, dan mar daalks mei de kloaten
foar it spul: "De Suzuki haw ik omruile tsjin disse Austin, dy hat folle
mear plak as wy mei de bern fuort wolle!"
"Do tinkst doch net dat de bern en ik
yn dat smoarch fehikel mei dy mei wolle. Grutte koallebokse! Wat hast foar ús
Suzuki krigen?"
"Neat, want dit is in echte oldtimer,
ik haw der tûsend euro op taleit."
"Do, do, do.... olfert, hoe krijst it
yn 'e plasse? Ik sil dy ien ding sizze: ús Suzuki stjit jûn om seis oere op ús
hiem oars komst do hjir net mear yn."
"Ik moat no nei it Fean. Nei it wurk.
Ik sil mar mei de bus, want dêr sit smoarchens yn 'e karburateur en dêrom wol
er net startte."
"Dêr sit in protte smoarchens yn dyn
harsens, silst bedoele. Mar do hast it hooplik foar it ferstân: do kinst fuort
bliuwe as ús Suzuki net werom komt!"
Wylst er yn 'e bus nei it Fean siet waard
Hobbe hieltyd lilker, net op himsels, mar op Romkje, op Oege, op Jelle en op
Keimpe. Op Romkje, omdat dat wiif him nea in fersetsje gunde, op Oege en Jelle
omdat sy him net tsjin hâlden hieden doe er de Allegro keapje woe en op Keimpe
omdat er him sûnder mis in rottiche kloatewein ferkocht hie. Hy hie er gjin
nocht mear oan, de hiele aardichheid wie dêrôf. Foar him hoegde it net mear.
Hij hie ek gjin wille mear oan it "Hoarnstersweachster Oldtimer
Selskip", wat moast er as foarsitter mei maten as Oege en Jelle?